Tim Douwsma komt met een nieuwe plaat: ‘Fryslân’

“Dit is it nûmer dêr’t ik altyd fan dreamd ha”

Tekst: Nynke van der Zee | Foto’s: Simon van der Woude

‘Ik kom út Fryslân’, ‘Fries om Utens’ of het ‘Simmer 2000-liet’. Fryslân is een veel en graag bezongen provincie. Aan deze muzikale odes kan sinds afgelopen vrijdag een opvallende nieuwkomer worden toegevoegd. Met het nummer ‘Fryslân’ brengt zanger Tim Douwsma een eerbetoon aan zijn Friese roots. Als Fries-om-utens zocht hij contact met collega-zanger Marcel Smit. De samenwerking leverde een verrassende sound op. “It klikt geweldich tusken ús”, lachen beide heren.

Dat zanger en acteur Tim Douwsma uit Friesland komt, zal niemand zijn ontgaan. Hij steekt zijn liefde voor zijn geboorteprovincie niet onder stoelen of banken. Toch bleef Tim’s grote droom jarenlang op de plank liggen: een eigen Friestalig nummer maken. “Ik woe dit al hiel lang; in nûmer meitsje oer Fryslân, sa’t Guus Meeuwis dat dien hat oer Brabân. It moast in nûmer wurde, dêr’t dat oergefoel yn weromkomt dat elke Fries hat. It gefoel fan grutsk wêze op dyn bertegrûn. It refrein hie’k wol yn de holle, mar de tekst slagge my net. Sa kaam ik úteinlik op it idee om in oprop te dwaan op LinkedIn foar in Fryske tekstskriuwer. En dat pakte geweldich út, want it brocht my by Marcel”, lacht hij.

“It moat in nûmer wurde dêr’t elke Fries him mei ferbûn fielt”
– Marcel Smit

Skriuwe foar in oar
Noem de naam van Marcel Smit en menig Fries zal het nummer ‘In part fan dy’ of ‘Omstekeard’ kennen. Naast het schrijven van eigen nummers is de troubadour echter ook een veelgevraagd songwriter voor collegamuzikanten. Zo schreef Marcel vorig jaar het nummer Maten voor Johannes Rypma, waarmee de zanger uit Oudega (Súdwest-Fryslân) meteen een achtste plek behaalde in de Fryske Top 100 van 2018. “Dat is geweldich”, knikt Marcel trots. “Ik kin dêr like folle fan genietsje as wannear’t myn eigen nûmers it goed dogge. Skriuwe foar in oar is prachtich wurk.

Wanneer zijn naam in Tim’s oproep op LinkedIn menigmaal getagd wordt, besluit Marcel een korte reactie onder het bericht te zetten: ‘Mocht je me nodig hebben, dan hoor ik het graag.’ Het is het begin van een samenwerking die meteen klikt. “Dat is hiel belangryk”, vindt Marcel. “Der moat in klik wêze. Ik moat fiele watfoar emoasjes Tim oerbringe wol. In ferske is per slot fan rekken emoasje. Seker as it om de leafde foar Fryslân giet, snap ik dat gefoel hiel goed. Tim en ik; wy fiele itselde.”

“Skriuwe foar in oar is prachtich wurk”
– Marcel Smit

Fanút it hert
Tim knikt. “De klik mei Marcel is oars as mei oare songwriters. Hy begrypt presys wat ik sizze wol, om’t er sels ek Frysk is. Syn fisy en myn fisy ferskille wolris wat, mar dêrtroch koene wy elkoar just hiel goed opskerpje. It risseltaat is in prachtige plaat, dy’t presys it juste gefoel oerbringt. Ik ha earder alris it nûmer ‘Het water’ fan Marco Borsato yn it Frysk song, mar dat is dochs oars. Dit is echt fanút myn hert. Dit is it nûmer dêr’t ik altyd fan dreamd ha.”

‘Ik rûk yn de fierte it gers fan it lân. Wêr›t ik ea oer rûn ha, mei mem oan ‘e hân.’ Het zijn de eerste twee zinnen van het nummer, waarin Tim zijn liefde voor Fryslân bezingt. De teksten zijn van grote schoonheid. Neem de zin: ‘Dyn flagge dy’t dûnset op weagen fan wyn. De wyn dy’t my thús bringt, gean ik net tsjinyn’. Het is af en toe poëzie gelijk. Marcel: “It is alle kearen wer myn útdaging om in gefoel sa te ferwurdzjen dat ik it ek op oare minsken oerbringe kin. Dy syktocht
nei wurden fyn ik it aldermoaiste. Dan slút ik my op yn myn studio en kom ik der net earder ús as wannear’t ik hielendal tefreden bin.”

“Wy ha mei ús trijen it bêste yn elkoar nei boppen helle”
– Tim Douwsma

Fan Fryske boaiem
Wie goed naar het nummer luistert, herkent een sound die iets wegheeft van Nick en Simon of de 3J’s. “Dat is de hânteken fan producer Robert Dorn út Ljouwert”, fertelt Tim. “Robert wurket mei grutte artysten, lykas Nick en Simon en Elske DeWall. Syn lûd past perfekt by dit nûmer. Ik ha hiel bewust foar Robert keazen, omdat hy krekt as Marcel en my út Fryslân komt en dat gefoel herkent. It blykte de perfekte kombinaasje. Wy ha mei ús trijen it bêste yn elkoar nei boppen helle.”
Tekst, zang en productie; het nummer komt volledig van Friese bodem.

Die samenwerking met collega’s is exact wat Marcel energie geeft als songwriter. “It soarget foar nije kreativiteit en ideeën. Kollega’s ferwachtsje wat fan my, wêrtroch’t ik mysels útdaagjen bliuw. Ik fyn sels optrede hartstikke moai om te dwaan, mar ik stean krekt like graach achter de skermen. As in nûmer dan klear is en it ferske slacht oan by it publyk, dan jout my dat in kick. Ek al sjong ik it net sels, ik bin der like wiis mei.”

“Dy syktocht nei wurden fyn ik it aldermoaiste”
– Marcel Smit

Ook Tim is ontzettend trots op het eindresultaat. “Ik ha der in super goed gefoel oer. Ek myn famylje, freonen en ús pake en beppe binne der hielendal wyld fan.” Dat brengt natuurlijk de grote vraag naar boven: verruilt hij Amsterdam binnenkort weer voor zijn grote liefde Fryslân? “In oprjochte Fries dy komt altyd werom”, grijnst Marcel. Tim knikt. “Earlik is earlik: ik sit der wol hieltyd mear oer nei te tinken om werom te kommen. Dus it kin samar ris sa wêze dat ik my hjir wer settelje.”