DOKKUM/NIJEWIER – Wethouder Aant Jelle Soepboer (33) is nu bijna een jaar wethouder in de gemeente Noardeast-Fryslân. Het bevalt hem goed, het wethouderschap past hem als een jas. Soepboer is óók historicus, schrijver en drummer in de band Baldrs Draumar. ,,As wethâlder ha ik in knappe jas oan, thús de âlde klean en as ik mei de band fuort bin wer wat oars, mar ik bin altyd en oeral mysels: in iepen boek. Ast altyd dysels bist, hoechst noait in rol te spyljen.”

Wethouder zijn in een wijd uitgestrekte gemeente als Noardeast-Fryslân, bestaande uit een stad, 52 dorpen en 56 buurtschappen, is niet een baan waarbij je de kantoordeur om 17.00 uur achter je dicht kan trekken. Dat deert Soepboer niet. ,,Ik ha altyd drokke banen hân. Balâns tusken alle aktiviteiten en in goeie planning is wol hiel belangryk.” Bovendien zit het niet in zijn karakter om stil te zitten. ,,Dêr wurd ik ûnrêstich fan. Ik moat wat te dwaan ha en wat ik doch wol ik goed dwaan.”

‘Ik bin grutsk op de krêft dy’t yn ús mienskippen sit’

Soepboer woont met zijn vrouw Anna, zoon Jurre en hond Bûke in Nijewier. Het is nooit zijn ambitie geweest om wethouder te worden. ,,Mar sjoen it oantal stimmen op my by de riedsferkiezings fielde ik my moreel ferplicht. Ik ha der gjin tel spyt fan hân.” De portefeuille van de Nijewierder bestaat uit Mienskip, Kultuer, Behear en Miljeu. ,,Myn wurk is hiel ynteressant en dynamysk. Ik bin op in hiel soad flakken tagelyk dwaande en moetsje minsken út allegear kringen. Dêrtroch krije je ek de kâns om hjir en dêr in siedsje te planten.”

Een zaadje planten
De wethouder doelt onder andere op het bezoek van directeur Leonard Geluk van de Vereniging van Nederlandse Gemeenten (VNG). ,,Leefberens op it plattelân is ien fan myn spearpunten. Ik ha Geluk hjirhinne helle en him op it hert drukt de belangen fan plattelânsgemeenten yn Den Haach goed te behertigjen. Hy sei: do moast ek ris mei Hugo de Jonge prate. Dus yn maaie gean ik nei him ta yn Den Haach om in stevich petear te fieren.” Soepboer is daar blij mee, want elke stap in de goede richting is er één. ,,Ik wol it bêste dwaan foar ús gemeente en set my dêr folslein foar yn. Leefberens, in goed plak om te wenjen en it behâld fan ús romte binne wichtige en urginte tema’s.”

Leefbaarheid
De wethouder vervolgt: ,,Dêr binne

wy hiel drok mei dwaande. It is net altyd maklik, wy rinne as gemeente ek tsjin grinzen oan. Mar as ik sjoch nei de krêft dy’t yn ús mienskippen sit, dan fiel ik my grutsk. Wy heakje graach oan by inisjativen fanút de mienskip. Koartlyn ha we dat dien by Kollumerpomp, dy’t sels ferfier regelje om bern nei skoallen yn oare plakken te bringen, neidat harren eigen skoalle slute moast. It is spitich as in doarp harren skoalle ferliest, mar it is foaral wichtich dat der yn de doarpen plak bliuwt om inoar te moetsjen. Dêrom sis ik tsjin de minsken: mei-inoar de skouders derûnder sette, dan helpe wy jim graach fierder.”

Taal en cultuur
Wie de wethouder meemaakt merkt heel snel dat de Friese taal en cultuur belangrijk voor hem is. ,,It is de reade tried yn myn libben. Ik bin opgroeid yn in hiel Frysksinnige famylje, dan krije je dat mei.” De liefde voor taal en cultuur vindt ook zijn weg in de passies van de wethouder: hij is drummer in de folkmetalband Baldrs Draumar en schrijft samen met Richard Zuiderveld boeken voor jongeren: de Vet Oud-serie (zie kader).

‘De Fryske taal is de reade tried yn myn libben’

Baldrs Draumar
De teksten van Baldrs Draumar – die Soepboer schrijft samen met zanger Sjoerd Steegstra gaan over het oude Friesland en de Noordse mythologie. De band heeft al vijf albums in eigen beheer uitgebracht en bezocht kortgeleden de Faeröereilanden. Op deze eilanden zou ooit een Friese kolonie zijn geweest. Over de zoektocht naar hun Friese wortels brengt Baldrs Draumar binnenkort een documentaire uit. ,,As wy mei syn allen fuort binne, bin ik net as ‘wethâlder mei syn band’ op paad, ik bin gewoan ien fan de bandleden.”

Voorrang voor Frysk
Het is Soepboers ambitie om het Fries nadrukkelijk op de kaart te zetten, onder andere door beter Fries onderwijs. Zijn droom is dat het gebruik van de Friese taal voorrang krijgt op basisscholen. ,,It is nuver dat Frysk opfiede bern op de basisskoalle ynienen omskeakelje moatte en it Frysk nei de achtergrûn ferdwynt. Wy soenen ris byhâlde moatte hoe’t de taalûntwikkeling fan bern ferrint as wy it oarsom dogge: Frysktalige basisskoallen, mei Nederlânsk as

wichtich fak derneist. Ik ferwachtsje dat de taalûntwikkeling likegoed wêze sil en mooglik sels better. Bern kinne hiel goed meardere talen neist inoar leare. Net allinne prate, mar ek lêze en skriuwe.”

‘It is nuver dat Frysk opfiede bern op de basisskoalle ynienen omskeakelje moatte en it Frysk nei de achtergrûn ferdwynt’

Voorbeeldfunctie
Ook binnen de gemeente NoardeastFryslân krijgt het gebruik van het Fries meer nadruk. ,,Wy binne as twatalige gemeente dwaande mei it Aksjeplan Frysk. Dêr komt bygelyks yn te stean hokker stikken wy yn it Frysk skriuwe. As minsken it Frysk mear tsjinkomme, wurde sy mear stimulearre der wat mei te dwaan. Dat giet folle fierder as it praten thús en op strjitte. Wy binne ien fan de meast Fryske gemeenten yn ús provinsje, krekt dêrom moatte wy der net te maklik oer tinke. Wy ha in foarbieldfunksje.”

Cultureel erfgoed
Noardeast-Fryslân is óók de gemeente met de meeste archeologische monumenten en percelen. Met 526 rijksmonumenten is het één van de Grote Monumentengemeenten van Nederland. Deze rijkdom aan cultureel erfgoed kan veel beter worden uitgedragen, vindt Soepboer als historicus. ,,It bysûndere karakter fan ús gemeente is belangryk foar ús ynwenners omdat wy der grutsk op wêze meie én it kin in grutte ympuls jaan oan ús ekonomy: rekreaasje en toerisme is tige wichtich foar ús.”

Time flies…
Voor Soepboer is het wethouderschap geslaagd als mensen over drie jaar terugkijken en zeggen: dit college heeft echt z’n best gedaan voor ons. ,,Dêr sette wy ús mei syn allen foar yn. Wy ha hjir op it gemeentehûs in hiele moaie klup minsken mei wa’t it noflik wurkjen is. Der is alwer in jier foarby, mar it fielt noch mar hiel koart. De tiid fleant as je it nei de sin ha!”