Foto: Koos Scherjon – www.rtvnof.nl

Waar de één gek is van Route 66 in Amerika en de ander een passie heeft voor de graftombes in Egypte, gaat Simon Santema’s hart uit naar Israël. Al drie keer bezocht hij het land, waarvan twee keer in z’n uppie, waar- van de reis in oktober dit jaar tijdens het loofhuttenfeest verreweg de meeste indruk maakte. “Israël is yn alle opsichten in bysûnder lân.”

In de vensterbank in de woonkamer van Simon prijkt een glimmende zilveren menorah kandelaar. Wie goed oplet, ontdekt meer Joodse voorwerpen in huis. “It Joadske folk sit echt yn myn hert”, vertelt Simon aan de keukentafel. Als jongen groeit hij op in De Westereen in een gezin waarin het geloof een belangrijke plek heeft. “Lange tiid wie de Bibel foar my in wat stoffich en dreech boek, mar no’t ik sels nei Israël west ha om te sjen wêr’t al dy ferhalen harren ôfspiele hawwe, komt de Bibel echt ta Libben. Dat is net yn wurden te beskriuwen.”

Meedoen aan de Bible Marathon in het hartland van Israël

Trots laat Simon een aantal foto’s zien. Op de eerste staat hij in sportieve outfit bij de finish van de Bible Marathon, die op 18 oktober werd gehouden bij Siloh in de ‘betwiste’ gebieden op de Westelijke Jordaanoever. “Just dit diel is it échte hertlân fan Israël, de bergen fan Judea en Samaria, hjir hat hast de hiele Bibelske skiednis fan it folk Israël plakfûn”, vertelt Simon.

Een hernia afgelopen zomer hinderde hem in z’n droom om de halve marathon te lopen over heilige grond. Het werd uiteindelijk de 10 kilometer, deels over Route 60 van de aartsvaders. “It wie prachtich”, knikt Simon enthousiast. “Wy rûnen troch it gebiet dêr’t sa’n soad Bibelske histoarje leit, dat is net te befetsjen. Echt geweldich. It is sa bysûnder om dêr te rinnen wêr’t ús foarâlden iuwen lyn ek rûn ha.”

Geheel zonder gevaar was de marathon echter niet. De Westbank is sinds jaar en dag het kruidvat van het Midden-Oosten. En dus wordt het gebied nauwlettend door Israëlische soldaten (IDF) gecontroleerd. “Fanút in grutte legertinte hâlde se mei satelliten alle bewegingen yn de bergen yn de gaten”, schetst Simon de situatie. “Dy spanning yn it gebiet is hiel dúdlik te fielen. Dat makket it ekstra bysûnder.”

Bezoek aan het Tempelplein
Naast de Bible Marathon bezocht Simon ook het Tempelplein in Jeruzalem. Een bijzondere gewaarwording, omschrijft hij het bezoek. “It Tempelplein is foar de Joaden tige wichtich, mar stiet ûnder Islamitysk Jordaansk behear. Ik kaam in Dútsk famke tsjin, dat graach mei eigen eagen sjen woe hoe’t de situaasje der yn Israël útsjocht. Gewoan om it hiele konflikt better te begripen. Mar se gong mei mear fragen wer nei hûs as dat se nei Israël kaam wie, fertelde se. Dêrmei omskriuwt se de situaasje yn it lân it bêste. It is foar de measte minsken hiel yngewikkelde matearje.”

Duitsers, Russen, Israëliërs: Simon komt tijdens zijn reizen met diverse nationaliteiten in contact. “Just omdatst yn dyn uppie bist, leist hiel maklik kontakt mei minsken”, legt hij uit. “Ik siet yn in hostel, dêr’t ik njonken in man út Uganda oan it moarnsbrochje siet. Sa ûntsteane der petearen dy’st nea wer ferjitst. En mei in hiel soad minsken ha ik noch altyd kontakt. Mei harren diel ik ék myn passy foar Israël en de Bibel.”

“It is geweldich om yn it lân te wêzen dêr’t de Bibel ús oer fertelt”

Gevaar op de loer
Sinds de eerste reis naar Israël in 2015 heeft Simon al heel wat bijzondere Bijbelse plekken bezocht. Op z’n wensenlijstje stond ook nog een bezoek aan de stad Hebron. Hij laat opnieuw een foto zien. “Hebron is it plak dêr’t de ‘Spelonken van Machpela’ binne, it plak dêr’t de aartsvaders fan Israël begroeven lizze. Dat is ek echt in bedevaartsoord foar de Joaden en wurdt dan ek strang befeilige troch IDF-soldaten. Moatst troch hiel wat checkpoints hinne om dêr te kommen. Mar it is de muoite mear as wurdich.”

Ondanks het gevaar dat soms op de loer ligt, sluit Simon niet uit dat er een vierde reis naar Israël komt. “It Joadske folk sit yn myn hert omdat it Gods folk is. De Bibel is in Joadsk boek, skreaun troch Joaden. It is geweldich om op de plakken te rinnen dêr’t de Bibel ús oer fertelt. Sa komme al dy ferhalen echt ta libben. Ik ha wer sjoen dat de God fan Abraham, Isaak en Jacob trou is, ek oan Syn lân en folk. Dat makket Israël foar my sa’n bysûnder lân. Am Yisrael chai!”