Hartthijs de Vries fietst weer om te winnen

KOLLUM – Het was een vreemd jaar voor Hartthijs de Vries uit Kollum. De beroepswielrenner stond klaar om van zijn eerste seizoen als prof bij Tour de Tietema/Unibet Cycling een succes te maken, toen hij in januari tijdens een training in Spanje een zwaar ongeluk kreeg. Vergeet dit seizoen maar, waarschuwden de artsen hem. Hij moest zelfs weer leren lopen. Maar in mei reed hij alweer zijn eerste koers. ,,Ik haw echt in superjier hân. Sels mei dat ûngelok haw ik dochs noch in ekstra stap sette kinnen, bin ik sterker wurden.’’ Ploegleider Rob Harmelink waarschuwt zijn tegenstanders al vast: ,,Volgend jaar gaan we de échte Hartthijs zien.’’

Hartthijs de Vries (27) werd op 4 oktober zesde in de Friese Elfstedenrace en daarna zat zijn seizoen 2023 erop. ,,En dan reitsje ik in pear wiken de fyts net oan, kin ik wat oars dwaan. Dat is ek goed om dy mentaal wer op te laden, want as fytser sitst yn in hiel fêst stramyn. Dan hast net folle rûmte om in kear op stap, of sa.’’

Het wielerjaar duurt ruwweg van maart tot oktober, maar al in december begint het trainen weer als voorbereiding voor het nieuwe seizoen. ,,Dan bist der yn maart wer klear foar. It libjen foar de sport is moai, alles meiinoar. It giet my net allinnich om de wedstriden, of puer om it trainen. Just de kombinaasje, de ôfwikseling makket it leuk. De dissipline, it better wurden, it hiele proses. Alle lytse dinkjes by elkoar dy’t liede ta resultaat.’’

De geboren Kollumer droomde ooit van een carrière als voetballer. Hij speelde jong in het eerste van Kollum, kreeg kansen bij Cambuur en Sc Heerenveen en werd zelfs geselecteerd voor districtsteams. Tot op zijn zestiende blessures roet in het eten gooiden. ,,Fuotbal wie echt myn ding, mar ik krige lêst fan de knibbels. Doe bin ik begûn te fytsen, om te sjen oft ik dêr fierder yn komme koe.’’

Dat was geen onbekend terrein binnen de Kollumer familie, want vader Thijs was in zijn jonge jaren een vermaard amateurwielrenner. Ook Hartthijs bleek een begenadigd talent. Hij scoorde in grote wedstrijden en werd in 2015 opgenomen in het Rabobank Development Team, destijds de beste opleidingsploeg. Twee jaar later reed hij een seizoen bij SEG Racing Academy en eind 2017 tekende hij een profcontract bij Roompot.

Voor het seizoen echter goed en wel op gang was gekomen, moest hij alweer afstappen. Hartritmestoornissen maakten een profbestaan onmogelijk. ,,Dat wie mentaal in swiere tiid. Ik wie ûnseker oer myn lichem en ik siet echt net lekker yn myn fel. Doe wie foar my de lol der wol ôf. Ik tocht by mysels: dit moat ik net wolle, hjir wurd ik net gelokkich fan. Dus doe haw ik nei in pear dagen myn kontrakt wer ynlevere.’’

Uit medisch onderzoek bleek echter dat zijn hart niets mankeerde. Een verder ongevaarlijk virus bleek verantwoordelijk voor de stoornissen en na behandeling verdwenen de klachten grotendeels. Wel kreeg de Kollumer een looprecorder, een staafvormig apparaatje dat een afwijkend hartritme registreert.

,,Stel dat ik lêst ha, dan kinne se dat yn it sikehûs útlêze. Mar it is in hiel stik better no. It ôfrûne jier haw ik der hast net mear by stilstien. Mar myn hert reageart wol snel op dingen. As ik siik bin, of ik fiel my wat minder, dan kin it wol wêze dat ik fjouwer dagen hertkloppings ha. Dat bliuwt wol in dinkje, mar it behearsket my net mear. Hy sit der noch, dy loop-recorder, flak ûnder de hûd. Ik brûk him noch wolris, mar dat is mear út ûnsekerheid. Eefkes foar mysels checke dat der echt neat oan’e hân is. Froeger koe ik der min mei omgean, mar no sit ik folle better yn myn fel.’’

Na de valse start bij Roompot werd Hartthijs weer clubrenner. Dat ging echter zo goed, met onder andere winst van het jongerenklassement in de Topcompetitie en het Nederlands kampioenschap tijdrijden bij de beloften, dat voor de Kollumer 

opnieuw een profcarrière lonkte. Via Vlasman CT en Metec–Solarwatt belandde hij op 1 januari van dit jaar bij Tour de Tietema-Unibet Cycling Team. ,,Ik wie ien fan de earsten dy’t by Tietema tekene. Ik ha froeger wol mei Bas fytst, wy binne eins fan de selde lichting. En ik hie ek it gefoel dat se my hiel goed brûke koenen, kwa nivo, mar ek om de kar te lûken foar bepaalde jonges.’’

Ook nu beleefde hij echter een valse start. Tijdens een trainingsrit in Spanje werd hij op vrijdag 13 januari aangereden door een auto. Hartthijs raakte zwaargewond. In het ziekenhuis constateerden artsen een verbrijzeld schouderblad, een gebroken sleutelbeen, acht gebroken ribben, een klaplong, schade aan lever en nier en een ingescheurde kruisband. Zes dagen lag hij op de intensive care, een week later werd hij per ambulance overgebracht naar Nederland. Daar werd hij twee keer geopereerd aan zijn schouder en schouderblad.

,,Dat wie in flinke klap, ik moast fier weikomme. Doe’t ik foar it earst begûn mei de revalidaasje koe ik hast net mear rinne en mei de earm koe ik hielendal neat. Yn it sikehûs seinen de artsen al dat ik net hoechde te tinken oan wedstriden dit jier. Sy soenen it al moai fine as ik wer in bytsje fit wie en wat fytse koe.’’ Zelf legde De Vries de lat hoger, hij wilde in juni alweer meedoen aan wedstrijden. Dat werd mei.

Drive, noemt hij dat. ,,Ast hjir thús sitst, hast mar ien doel. Ik ha der alles foar dien om wer op nivo te kommen. Ik hie trije moanne neat dien, dus de kondysje wie hielendal fuort. En ik hie in protte medisinen hân. Dan is it eins wol bizar hoe snel myn lichem it wer oppakt hat. Elke dei haw ik besocht myn grinzen wer wat fierder te lizzen. En it moaie is, ast safier fuort bist, sjochst ek gau wer resultaat. Ik hie wol kontakt mei de ploech, mar sy ha my neat oplein. Ik ha sels it tempo bepaald. Fansels hie ik wol fysio dy’t my dêrby holpen hat.’’

De eerste koers was op 6 mei de Ronde van Overijssel. ,,Ik startte net om it starten, ik fielde dat ik wer it nivo hie om ek echt mei te dwaan. Troch al myn erfaring kin ik soks wol aardich ynskatte. Dêrnei haw ik it hiele programma wer meidien. It wie ek moai om mei de oare jonges te fytsen. By de jeugd fytst elkenien foar himsels, mar op dit nivo is fytsen in searieuze teamsport. Dêrom is it ek belangryk datst oan it begjin fan it seizoen in protte mei inoar trainst.’’

Hoogtepunt voor Hartthijs was het winnen van het eindklassement in de Franse koers Kreiz Breizh Elite, een vierdaagse wedstrijd eind juli in Bretagne. ,,Foar it seizoen hie ik it gefoel dat ik mei in goeie winter oeral wol meidwaan koe foar de winst. Dat rare ûngelok hat de boel wat ophâlden, mar fanôf augustus haw ik dy trend dochs trochsette kinnen.’’

,,Oar jier ride wie mei Tour de Tietema in stap heger, dan soe ik hiel graach de maitydsklassikers ride, sa as de Ronde van Vlaanderen en Parijs-Roubaix. Ik bin mei myn 65, 66 kilo frij licht, mar dochs prestear ik yn sokke wedstriden altyd it bêste. Dat is noch wol in dream, om yn sa’n koers yn de finale mei te sitten, my oan it grutte publyk sjen te litten. As ploech binne wy foar dy Worldtourwedstriden ôfhinklik fan in wildcard, wy moatte útnoege wurde. It is noch eefkes ôfwachtsjen wat wy krije, mar dat is it moaiste wat der is, fansels.’’


Tietema heeft de gunfactor, heeft De Vries wel gemerkt. Dit jaar werd het team bijvoorbeeld al gevraagd voor de Tour of Britain. ,,En dêr ha wy ús moai sjen litte kinnen. Yn it kommentaar waard Tietema ek faak neamd. Elkenien ken Tietema, dy jonges ha dat supermoai delsetten, echt hiel tûk.’’

Uiteindelijk is het zelfs mogelijk dat de ploeg ooit mee kan doen aan de Tour de France. Hartthijs is daar nu absoluut nog niet mee bezig. ,,As renner sjoch ik mear nei wat komt, wat realistysk is. Mar as it komt, dan soe dat wol supermoai wêze, fansels.’’

Hartthijs had zijn belevenissen graag gedeeld met zijn vader Thijs. Die stierf in april 2020 aan kanker. ,,Dat wie yn de koroanatiid. Dat wie dochs al in lêstige tiid, koest neat, mochst nergens hinne. By it ôfskie wie alles ek hiel beperkt, gjin hân jaan, net eefkes krûpe, der mochten mar fiifentwintich minsken by. Mar in ljochtpuntsje yn it ferhaal wie dat wy allegear thús wienen. Wy ha mei ús fjouweren, heit en mem, myn âldere suster en ik, noch in pear moaie wiken hân. Dat wie wol weardefol. Us heit wie al twa jier siik, hy wie op. It wie net mear deselde man, mar wy koenen noch mei him prate.’’

Het heeft hem veranderd, als persoon gevormd, zegt Hartthijs. ,,Slimmer as dit sil it net wurde, dat idee. Froeger makke ik my gau drok om mysels, ik wie gau ûnseker. Ik bin no folle kalmer. Kin better relativeare. It fytsen koe my yn dy tiid eefkes neat mear skele. Ik fûn it hearlik om te trainen, mar ik moast der net oan tinke om wedstriden te riden. Mar dat hoechde ek net, want der wienen dochs gjin wedstriden. It kaam my wol goed út dat ik eefkes net sosjaal hoechde te wêzen.’’

,,Heit wie hiel fanatyk, mar ek wol hiel reedlik. Doe’t ik foar it earst prof wurde soe en der sa mei struggele, doe wie hy ek de earste dy’t sei: ‘stopje der mar mei, doch mar wat oars’. Doe haw ik myn stúdzje ôfmakke. Pas in heal jier letter bin ik wer by de klub begûn te fytsen. Hy hie dit echt super fûn, ik as prof by dizze nije ploech. Hy hat sels de stap noait makke, mar fytste as amateur wol op heech nivo.’’

,,Ik mis him noch faak. By de Alvestêderace lêsten ek, dan fyn ik it echt sa kloate dat er der net by is. Dat hie hy echt geweldich fûn, sa’n dei. En dy oerwinning ek, yn Frankryk. Doe’t ik by Rabobank siet, haw ik dy wedstryd ek riden, yn 2015 wie dat. Doe kamen heit en mem dêr te sjen. No win ik, en hy is der net. Dat fûn ik echt jammer. Ik hoopje dat er ergens meisjocht. Ik soe it moai fine, mar ik wit it net. Ik wie altyd sa wend dat ús heit oeral by wie, dat ik haw yn it begjin noch wolris om him socht. Ik ha sels wolris miend dat ik him oan’e kant stean seach. En dan witst foar dysels wol, nee, it kin net. Dat fielt echt kloate.’’