In deze rubriek ‘Wat dogge jo no?’ staat elke maand een persoon centraal met een bijzonder beroep of unieke hobby. Deze keer is het de beurt aan Kailey van der Veen, een 15-jarige topsportster die op 1 maart het NK Allround schaatsen won. Ben of ken jij iemand met een bijzonder beroep of unieke hobby? Laat het ons weten via redactie@westereender.nl
Wêr is de passy foar reedride ûntstien?
“Ik fûn, doe’t ik in jier as acht of njoggen wie, it skoallereedriden hiel leuk. Dat diene wy yn ‘e Elfstedenhal yn Ljouwert. Dertroch bin ik steeds mear gean reedriden. Sa waard ik der better yn. Simmers gie ik dan skeelerjen en fanôf myn tsiende sit ik by IDS yn De Westereen.”
Hoe wie it om it NK Allround te winnen?
“It NK wie yn Alkmaar, en ik bin kampioene wurden yn de Junioren C-klasse. Dat is dan allinnich tsjin oare famkes. Ik hie it net ferwacht, ik wie hiel blied. It hiele seizoen gie wol redelijk, mar ik wie nea op myn bêst. No wol, dus dêr wie ik hiel wiis mei.”
Hoe riedst dy ta op in wedstriid?
“Ik train meastal sân kear yn ‘e wike. Mar at der in wedstriid oan sit te kommen, doch ik wol in rêstigere training. Sa kin ik wat enerzjy sparje. Flak foar de wedstriid gean ik earst fiif oant tsien minuutsjes
fytse. Sawiesa moat ik ek goed ite fan te foarren. Ek rekke en strekke is hiel belangryk, en ik rin wat rûntsjes.”
Kinst dat wat kombinearje mei skoalle?
“Ik train yn Hearrenfean, dus it skeelt wol dat ik dêr ek nei skoalle gean. Ik krij fan skoalle yn ‘e moarntiden frij, at ik moat traine.”
Wat binne dyn oare resultaten fan it ôfrûne seizoen?
“Ik ha de ECM reedriden. Dat is de Europeeske wedstriid. Dat gie ek goed. Ik bin twa kear twadde wurden en in kear tredde. Dêrneist ha ik noch in protte út- en thúswedstriden reedriden. Ik sit mei it reedriden by de Ferwerter Iisclub, en skeelerjen by IDS.”

Wat is it ferskil tusken skeelerje en reedride?
“Skeelerje is wol wat swierder. De wedstriden duorje echt in hiel wykein. Reedride is mar ien dei en dan binne it twa ôfstannen. By it skeelerjen moast ek mear dyn kondysje traine om echt goed te wurden. In wedstriid hat mear rûntsjes. Dan is it mear kondysjewurk, reedride is koarter as skeelerje.”
Ast moast kieze, kiest dan skeelerje of reedride?
“Ik fyn beide sporten hiel leuk, mar mei reedriden kinst wol mear berikke. It is ek wat bekender by de minsken. En ik wol oait olympysk kampioen wurde. Dat kin net yn it skeelerjen, want dat is gjin olympyske sport. Reedride fansels wol.”
Wat wolst fierders noch berikke mei it reedriden en skeelerjen?
“Oan in protte Europeeske mar ek oan ynternasjonale wedstriden meidwaan. At ik dat sjuch op telefysje, wol ik dat hiel graach. It liket my wol hiel swier, mar ek hiel leuk.”