BUITENPOST – Op 24 maart 2022 bestond het Kritetoneel van Buitenpost 100 jaar. Door de onzekerheid rondom corona is het feest toen uitgesteld. Op 2, 3 en 9 februari 2024 hoopt de Fryske Krite Bûtenpost alsnog een ‘klapper’ te maken op het toneel met een spetterende zelfbedachte jubileumvoorstelling. ,,Under de namme DNA (Doe, No, Aanst) wurde toanielferiening, Bûtenpost en har markante bewenners hearlik yn it ljocht set.’’

Dictus Benedictus is ‘hikke en tein’ in Augustinusga en van jongs af aan betrokken bij toneel. ,,Dat sit yn ‘e genen’’, lacht Dictus die bij Jounswille Stynsgea begon en tijdens zijn onderwijzersopleiding het nodige ‘toaniel-DNA’ meekreeg van docent Bouke Oldenhof. Toen hij naar Buitenpost verhuisde was het dan ook vanzelfsprekend om zich aan te sluiten bij het Kritetoneel. Inmiddels woont hij net buiten het dorp, in Kollum. Ook Iebe Bouma is geen ‘Buitenposter’. Hij grapt dat Kollum ‘eins folle leuker’ is. Dit heeft, zo zegt hij met een knipoog, alles te maken met het feit dat hij daar samen met z’n vrouw kledingwinkel Passepartout runt. Dictus Benedictus is in het dagelijks leven onderwijzer. ,,Ik bin fêste ynfaller by Arlanta en kom dus op alle 21 skoallen fan de Stichting, fan Muntsjesyl oant Ternaard.’’

Typysk Bûtenpost
Iebe Bouma heeft toneelen revuewerk in Drachten gedaan en is regisseur in Westergeast geweest. Inmiddels is hij alweer heel wat jaren actief bij de Fryske Krite in Buitenpost en dat bevalt goed. Eén van de indrukwekkendste stukken dat het gezelschap speelde was ‘Heit’ in 2020. Het aangrijpende verhaal gaat over een man die langzaam zijn geheugen verliest door alzheimer. ,,De earste foarstelling wie krekt west en doe kaam corona.’’ In 2022 was het eerst nog steeds onduidelijk hoe het allemaal zou komen en dus werd de jubileumvoorstelling uitgesteld. Iebe: ,,Yn april 2023 ha we in harsenskrapsesje hân oer ús jubileumstik: wat is typysk Bûtenpost en wa binne de markante ynwenners?’’

‘Wat is typysk Bûtenpost en wa binne de markante ynwenners?’

Op basis van de uitkomsten is een grote groep toneelspelers –jong en oudgaan improviseren. Zo ontstonden leuke ideeën waarover het script is geschreven. Het was in eerste instantie de bedoeling om de voorstelling na de zomer op de planken te brengen, maar dat bleek te ambitieus te zijn. ,,It is net neat om in eigen stik te meitsjen’’, zegt Dictus. ,,Mar al gau die bliken dat der genôch oer it doarp te fertellen is. Bûtenpost hat in enoarme history, tink allinnich mar oan de Concours Hippique. Ek de tsjerke is bysûnder, dy wurdt noch altyd ‘âlde wite’ neamd wylst it gebou al lang net mear wyt is.’’

Toekomst
Het meest bijzonder zijn uiteraard de dorpsbewoners zelf die een belangrijke rol zullen spelen in het stuk. ,,Elk doarp hat syn eigen opfallende ynwenners. Guon hawwe wy al efkes warskôge sadat se tared binne’’, zegt Dictus. Iebe voegt eraan toe dat niemand voor gek zal worden gezet. Wel worden bepaalde karaktereigenschappen onder een vergrootglas gelegd, zoals het een goed toneelstuk betaamt. Verder loopt het thema ‘doe, no, aanst’ als een rode draad door de voorstelling. Het mooie is dat ook jongeren meespelen in het stuk. In het verhaal zal dat voor verschillende generatiekloven zorgen. De mobiele telefoon zal daarbij niet ontbreken.

De heren zitten niet in over de toekomst van de Krite in Buitenpost. Iebe Bouma: ,,Ast der mar foar soargest datsto de jongerein derby belûkst en mei de tiid meigiest.’’ Nu de data dichterbij komen stijgt de spanning. ,,Dat heart derby. We ha wille en stress en der komt aanst fêst ek noch wol in dip. Mar as it safier is en de minsken ha in moaie jûn hân dan jout ús dat in goed gefoel’’, weet Dictus. Iebe voegt eraan toe dat hij nog altijd geniet van toneelspelen. ,,Op it poadium kinst dysels wêze wylst in oar spilest.’’

Wat de mensen kunnen verwachten?
In totaal worden meer dan twintig scenes gespeeld in The Point in Buitenpost waar elke avond 175 mensen terecht kunnen. Iebe: ,,Wy wolle net alles weijaan mar kinne wol ien tipke fan ‘e sluier optille. Der is ien sêne wêrby’t it publyk de achterkant fan google te sjen kriget. Google wurdt in minske, om samar te sizzen.’’ Uiteraard is alles in het Frysk. ,,Mar wol yn sprektaal’’, benadrukt Dictus. Muziek ontbreekt niet tijdens de voorstelling. Atsje Lettinga begeleidt de zangers en dit alles wordt ondersteund door brassbandmuziek van dirigent Ido Gerard Kempenaar. De algehele regie is in handen van Henk Roskammer en Reinold Paauw is productieleider. Een verteller neemt het publiek bij de hand en leidt de mensen door de tijd. De intermezzo’s zetten vroeger en nu tegenover elkaar. Er zal zeker worden gelachen, maar, zo zeggen beide heren: ‘It publyk moat ek tiid ha om te sykheljen’. Dictus en Iebe verwachten dat het toneelstuk voor het publiek vooral heel herkenbaar zal zijn. ,,Der wurdt harren in spegel foarholden. Letterlik, want it giet oer harsels.’’

Meer informatie en kaarten, zie teaterbutenpost.nl
Kaarten zijn ook verkrijgbaar bij Dropshop Liquorice in Buitenpost.

SKIEDNIS FRYSKE KRITE

It Bûtenpostmer toanielselskip waard 24 maart 1922 oprjochte ûnder de namme “Krite Bûtenpost en Omkriten fan it Selskip for Fryske Taal-en Skriftenkennisse, koartsein Fryske Krite Bûtenpost”. Dit barde mei in “Propagande-Feestjoun” fan de “Maatschappij tot Nut van ’t Algemeen, departement Buitenpost”. De ferieniging stelde har as doel it befoarderjen fan it Frysk troch it lêzen, it skriuwen fan en it hâlden fan lêzingen en foardrachten, allegearre yn it Frysk fansels. Der waarden by de oprjochtingen ek in oantal omgongsregels ôfpraat: ‘Het niet opzettelijk beledigen van anderen en ook niet spreken over geloof of staatsaangelegenheden, omdat dat op zo’n bijeenkomst ‘geen enkel nut dient’.

Al rillegau wurdt it spyljen fan toanielstikken de wichtichste aktiviteit, en dat is noch altiten sa. Yn it argyf fine wy in groepsfoto fan it stik Skyn, is 1925, de earste op foto fêstleine spilersploech. Utsein de oarlochsjierren wurde der elts winterskoft twa foarstellingen spile. Dit yn novimber en yn febrewaris/maart.

Fan de 60er jierren ôf is der sa út en troch ek jongereintoaniel. Om’t it dreech is it jongfolk bliuwend entûsjast te hâlden set Roel Klompmaker letter in eigen ploech foar it jongfolk op. Der folgje jierren mei in soad sukses oant optredens yn De Lawei ta. Guon spilers fan doe binne no noch altiten aktyf as spiler mar ek as regisseur.

De Krite is oansletten by “Iepen DoEk”, foarhinne STAF, noch earder BFT. It selskip die altiten mei oan de kriich, in soarte fan wedstriid. Op de útfiering kamen de saneamde karmasters del foar in beoardieling. Der waard sjoen nei de kar fan it stik, regy, grime, dekôr, ensafuorthinne. De kriichútslagen, de punten, soargen foar in ferdieling yn klassen. It Bûtenpostmer toaniel wie altiten werom te finen op it heechste nivo, de Eareklasse. Yn 2019 kaam der in ein oan de kriich, der wie gjin animo mear foar.

Wêr’t noch altiten mei in soad nocht en wille op werom sjoen wurdt is it 75-jierrich jubileum yn maart 1997. In grutte ploech minsken sette in prachtige revu op de planken, foar it grutste part skreaun troch Roel Klompmaker. Bûtenpost waard mei de nedige irony oer it fuotljocht brocht. Roel makke it spitigernôch self net mear mei, hy ferstoar op 3 jannewaris fan dat jier.

Yn de ôfrûne 100 jier ha hûnderten ynwenners fan Bûtenpost en har omkriten mei in soad nocht en wille dwaande west mei toaniel en ha se tûzenen minsken in noflike jûn besoarge. De spilers self krije twa kear in pracht fan in foldwaning. Yn de hûd fan in oar krûpe en mei in ploech spilers oparbeidzje nei in moaie útfiering én de kick fan it publyk by de opfiering. Guon meiwurkers ha 20, 30, faaks 40 jier op’e planken stien, it is in firus sûnder koarts.

Yn de jubileumfoarstelling, DNA, wurdt yn in bysûnder momint fan ôfskied stilstien by de feroaring fan Fryske Krite Bûtenpost nei Teater Bûtenpost.