DE WESTEREEN – Volkskomiek Teake van der Meer is op maandagochtend 28 december 2020 in het bijzijn van zijn gezin overleden. Ruim een maand voor zijn overlijden heeft journalist Klasina van der Werf van De Westereender hem geïnterviewd. Voor de laatste keer. Het afscheidsinterview van Teake van der Meer is te lezen onder de foto. Teake van der Meer stond achter de inhoud van dit artikel. Het was zijn wens dat het gepubliceerd zou worden na zijn overlijden.

Teake van der Meer heeft meerdere keren op het punt gestaan om te stoppen als cabaretier. ,,Mar it wóe net, it poadium wie myn libben.’’ Ondanks de vele afscheidstournees had Teake van der Meer het gevoel dat hij niet goed afscheid heeft kunnen nemen.

Daarom wilde hij door middel van dit artikel in de krant iedereen bedanken. ,,Dankewol foar it fertrouwen dat ik altyd krigen ha. It is in wûnder dat ik as ‘jonkje út De Westereen’ dit dwaan mocht. Sûnder it publyk wie ik neat. Bedankt!’’

Verhaal gaat verder onder de foto.

Teake van der Meer wilde ‘noch ien kear’ het toneel op, maar dat lukte niet meer

‘It poadium wie myn libben’

DE WESTEREEN – ,,Yn 83 jier tiid haw ik noait siik west. En no… no is it mis’’, zegt Teake van der Meer, terwijl hij in zijn stoel in de woonkamer zit. Het is 9 november 2020. De Friese cabaretier heeft nog maar een paar weken geleden te horen gekregen dat hij asbestkanker heeft. Hij kan niet meer beter worden. ,,Ik woe noch sa graach íen kear op it poadium stean. Mar it slagget net mear.’’

‘Lytse Teake’ uit De Westereen is een van de meest succesvolle artiesten die Friesland ooit gekend heeft. Een fenomeen. Duizenden en nog eens duizenden mensen beleefden dankzij hem een mooie avond. Met zijn zelfgeschreven repertoire haalde hij het publiek uit de sleur van alledag en liet de mensen lachen. Maar er zijn twee Teakes. ,,En de iene is de oare net’’, zegt hij. Privé is hij een andere persoon dan op het podium. Dan is hij stil, in zichzelf gekeerd. ,,Dat is hiel apart. Ik kin it net útlizze.’’

Teake van der Meer heeft meerdere keren op het punt gestaan om te stoppen als cabaretier. ,,Mar it wóe net, it poadium wie myn libben.’’

Teake van der Meer werd op 18 september 1937 geboren in Kollumerzwaag. Hij groeide op in een gezin met zeven kinderen, vier broers en twee zussen. Teake was de derde. ,,Ik ha in prachtige jeugd hân. Wy boarten altyd bûten, of we holpen by de buorlju op ‘e buorkerij yn it hea. Fan de oarloch ha ik net folle meikrigen. Ik sjoch de soldaten noch wol foar my rinnen. Wy rûnen der mei ús gewearkes efteroan. Wat ik noch wit is dat der nei de oarloch in NSB’er yn ‘e wetterbak krûpte. Ik seach dat se him derút hellen. Dat ferjit ik noait wer. Wat ik my ek noch heuge kin is dat ik as lyts jonkje fan in jier as fjouwer op ‘e stoof stie mopkes te fertellen

as der ien jierdei fierde. Letter bin ik by de tonielferiening Excelsior op De Sweach gien. In skitterjende tiid. It siet der dus al jong yn.’’

Altyd oan it wurk
Teakes leven bestond vooral uit werken. Op jonge leeftijd had hij zaterdags al een baantje bij de bakker. ,,Sutelje. Ik wie altyd oan it wurk. Ik moast wat dwaan, bezich wêze.’’ Na de ambachtsschool ging hij bij ‘heit’ aan de slag, die timmerman was. Later werkte hij als metselaar in de bouw. ,,Ik ha in protte yn Hollân oan it wurk west. Moarns seis oere fan hûs, jûns sân oere thús. En dan wer yn ‘e auto; op nei it poadium. Gelokkich hat myn frou Johanna altyd efter my stien. Oars koe it net. Ik wie altyd fuort.’’

Teake en Johanna waren 56 jaar getrouwd. Ze leerden elkaar kennen in café Het Witte Huis in Twijzelerheide, waar Teake optrad. ,,Ik wie yn dy tiid drummer fan it Selskip Fryslân. Ik seach Johanna yn ‘e seal sitten. We rekken letter oan ‘e praat en fan it ien kaam it oar. Ik ha ek wol mear skarreltsjes hân hear. Dat hearde derby.’’ Maar Johanna Westra was een blijvertje. Het stel trouwde in Damwâld. Ze woonden eerst een half jaar in Buitenpost waar dochter Reny (1964) werd geboren. Daarna woonden ze zeven jaar in Harlingen, waar Teake in die tijd als bouwvakker werkte. In 1973 verhuisde het gezin naar De Westereen, waar zoon Johnny het levenslicht zag. ,,De Wâlden luts ús dochs wer. Yn ‘e Westereen binne we wol seis of sân kear ferhuze. Mar we binne noait wer út it doarp weigien.’’

Respect voorop
Met het Selskip Fryslân trad Teake op bij bruiloften, totdat hij op een dag moest afbellen omdat de band uit elkaar viel.,,Dan komst mar allinnich’’, zeiden ze. ,,Dat wie in swiere jûn. Ik siet fol spanning: kin ik dit wol? Mar it gie goed. Se fregen my hieltyd faker. Sa is it begûn. Dy spanning foar in optreden is altyd bleaun. Ik bin noait ergens hinne gien dat ik tocht: dat doch ik even.’’ Teake van der Meer ontwikkelde zich tot komiek van formaat en kon als ‘Lytse Teake fan ‘e Westereen’ een avondvullend programma brengen. Respect voor anderen stond voor Teake altijd voorop. ,,As minsken dat woenen, slute ik ôf mei Gods segen. Der wie ris in man dy’t tsjin my sei: asto sa trochgiest, kinst wol ophâlde. Mar it tsjinoerstelde wie wier. Want just it respekt dat ik hie foar alle libbensoertsjûgingen hat my in soad publyk brocht.’’

Teake van der Meer omschrijft zijn shows zelf als ‘ienfâldich en foar elkenien te begripen’. Hij werd beroemd om zijn hilarische types, zoals ‘Appie mei Bello’, ‘Auke Orgel’ en ‘Matsje fan Jan’. ,,Foaral de frouwetypkes fûn ik moai om te spyljen. Dat minsken gewoan spontaan even dom laitsje koene, even út de soargen. Toon Hermans is myn grutte foarbyld. Hy wie net mei my te fergelykjen, mar ik mocht graach nei him lústerje. Tsjintwurdich binne der in protte kabaretiers dy’t mei oaren spotte en minsken kwetse. Dat fyn ik ferskriklik. It is allegearre sa grof. Je kinne it dochs ek taktfol fertelle?’’

Verhaal gaat verder onder de foto.

Gewoan Teake
,,Ik ha sa’n machtige tiid hân. It wie myn wrâld. Se kinne my allegearre, mar ik bin net mear as in oar. Ik bin gewoan Teake en ik kom lâns foar in praatsje. As myn wurk derop siet, dan gie ik gau troch de achterdoar wer nei hûs. Ik koe net ûnder de minsken wêze, dan wie ik bang en flechte ik. De weromreis yn ‘e auto nei hûs fûn ik hearlik. Neisitte die ik noait. En as se my fregen oft ik bier drinke woe, dan bestelde ik Spa read.’’
Terwijl Johanna het huishouden runde en voor de kinderen zorgde was Teake van der Meer dag en nacht aan het werk. De ideeën ontstonden overdag. Dan werkte hij met zijn handen, maar zijn hoofd stond ondertussen nooit stil. ,,Ik betocht alle typkes sels. De bypassende klean mocht Johanna útsykje. Ik wie altyd oan it tinken en siet noait om stof ferlegen. En as it ien kear yn ‘e kompjûter siet, dan gie it der net mear út. Eins is it ûnbegryplik, net út te lizzen. Alles wat ik fertelde seach ik foar my. Ik tink dat it in gave is dy’t fan boppe bestjoerd wurdt. It lot hat my dit taskikt en ik ha it ynfuld. Dat wie myn opdracht. Oars kin it dochs net?’’ Naast zijn optredens bleef hij altijd werken als bouwvakker, tot zijn 66e. Dat hoefde niet, maar hij had het nog naar zijn zin. ,,Ik ha it wurk fyftich jier dien, de lêste tweintich jier as ûnderhâldstimmerman by Stichting Jeugdzorg. Ik hie dêr in fijne kollega, Gerben de Vries. Wy ha noch altyd kontakt. Hy is as in broer foar my.’’

Teloarstelling
Zo’n vijftien jaar lang trad ‘Lytse Teake fan ‘e Westereen’ op met zangeres Griet Wiersma en goochelaar Minze Dijksma. ,,Dat wie in moaie tiid, mar it beslút wie net sa moai. Dat wie foar my in teloarstelling, dêr sit ik no noch mei. Miskien hat it sa wêze moatten, want no ha ik myn lêste optredens allinnich dien. Sa bin ik ek begûn, hast sechstich jier lyn.’’ Teake van der Meer zat nog middenin zijn afscheidstournee ‘Noch ien kear’. Nog één keer wilde hij graag optreden in zalen waar hij vaak en graag kwam. De meest hilarische typetjes en komische sketches uit zijn loopbaan zouden nog eenmaal de revue passeren. ,,Dat wie myn winsk.  Noch íen kear allinnich. Twa kear in oere. Elkenien noch efkes dach sizze.’’Aan zijn tour kwam plotseling een eind omdat alle optredens vanwege de coronacrisis werden afgelast. ,,Alle theaterfoarstellingen wiene útferkocht. Unbegryplik. Ik ha echt in ynsinking hân doe’t it net trochgean koe. Dit wie myn swierste straf. Dochs bin ik tankber. Ik ha sa ferskriklik folle krigen yn myn libben. Ik ha noait foar it theaterfak leard, ik wie altyd op paad en nea wurch.

Ik kin net stilsitte, mar no’t ik siik bin, moat ik. Earst tocht ik, as de corona oer is, gean ik fierder. Mar doe krige ik lêst fan benaudheid en moast ik nei it sikehûs. ‘Dokter, ik moat wol wer it poadium op’, sei ik. ‘We dogge ús bêst’, seinen de doktoaren. Se koene my dêr wol. Mar doe’t ik op de dei fan de útslach de gesichten fan de dokters seach wist ik it al. Frjemd genôch skrok ik net. Ik fielde it oankommen.’’

Steun uit het geloof
,,Asbest. Froeger wisten we net wat it wie, mar it siet oeral yn. It is wol mear as fjirtich jier lyn dat ik der mei wurke ha, we wisten net better. Dat ik der no pas siik fan bin, fyn ik wol apart. Mar de dokter sei, by de ien giet it wat flugger as by de oar.’’

Teake van der Meer tijdens een presentatie van een LP in 1984. Foto: Archief Alex Bouma

De Westereender haalt veel steun uit zijn geloof. ,,Dêr fyn ik rêst en frede yn. Ik wit dat it goed komt. Ik uterje my net maklik en ik bin graach allinnich. In ‘einzelganger’ neame se dat, net? Ik ha letter wolris tocht, ik ha eins te min tiid oan de bern bestege doe’t se lyts wiene. Soms ried ik yn ‘e auto nei
in optreden en tocht ik ‘blikstiender, dit is net goed’. Mar dan wie ik al ûnderweis. Ik woe myn ôfspraken altyd neikomme en ik koe gjin ‘nee’ sizze. Soms seine se: ‘Teake, wy wolle graach datsto komst, mar we kinne it net betelje’. Dan kamen we der altyd wol út. Ik die dit wurk net foar de sinten, ik die it foar de minsken. Oft ik spyt ha dat ik net mear thús wie? Nee, it hie miskien wol wat minder kinnen, mar de bern begripe it wol. As ik achterom sjoch bin ik foaral hiel dankbaar dat ik dit dwaan mocht. En it moaie is, de cd’s en dvd’s fan myn optredens bliuwe altyd. Lêst hearde ik fan in boer út Kanada dat hy myn cd altyd yn ‘e trekker hearde. ‘Dan ferjit ik soms dat ik yn ‘e trekker sit’, sei hy. Dat is dochs prachtich?’’

Net in knuffelminske
,,Ik bin wiis mei myn frou, bern en fjouwer bernsbern. Wy ha sels al in oerpakeen beppesizzer. Sjoch, dat is se’’, zegt Teake trots, terwijl hij naar de foto wijst. ,,Ik bin net in knuffelminske, mar as ik helpe kin, bygelyks mei klussen, dan stean ik foar de bern klear. Dat is myn knuffel.’’ Toch blijft het bloed kruipen waar het niet gaan kan. ,,Ik mis myn poadium, myn útlaatklep. It slimste fyn ik it foar de minsken.

Dat ik harren teloarstelle moat. As it heal kin woe ik graach noch even trochgean, noch íen kear… Mar ik wol net as in somby op it poadium stean. Ik moat hûndert punten wêze, oars giet it net troch. Stikem hâld ik hoop. Hoop doet leven.’’ Teake straalt als hij vertelt over de prachtige avonden die hij begin dit jaar nog beleefde voor uitverkochte zalen, met aan het eind een staande ovatie. ,,Jo nimme ús mei’’, zeiden de mensen vaak tegen hem.

Optreden in café en zalencentrum de Kruisweg in Damwâld (september 1986). Foto: Archief Alex Bouma

Hij herinnert zich ook nog optredens in het ziekenhuis of in bejaardenhuizen. ,,Dan prate ik oer froeger. Alles hie syn bekoaringen. Sa fûn ik de shows yn Amearika en Kanada foar Friezen om utens ek hiel bysûnder. Ik doarde eins net te fleanen, mar doe’t ik ien kear yn it fleantúch siet ha ik nergens mear oer prakkesearre. Wat in geweldich ûnthaal krigen we dêr.’’ Toch beleefde Teake ook minder mooie avonden, zoals die keer in Surhuisterveen dat een vrouw in het publiek een miskraam kreeg. Bij een ander optreden kreeg een man tijdens de show een hartaanval en zakte in elkaar. ,,Ik ha ek in kear in optreden jûn oan in frou dy’t MS hie. Sy hat sá bot lake.’’ Voor zijn verdiensten werd Teake van der Meer in 1997 geridderd in de Orde van Oranje Nassau.

Filmrol
Zijn laatste klus was een opname voor de film ‘Stjer’ van dorpsgenoot Emiel Stoffers van de Hûnekop. Teake was in die tijd al wat benauwd, maar dat weerhield hem er niet van om mee te doen. ,,Ik moast ferklaaid as âld wyfke.
Dat wie hjir yn ‘e tún. Ik wit net iens mear wat ik sein ha. Ik fyn it prachtich wat dy jonges allegearre opsette. It giet soms wol wat rûch, mar klear.’’
Echtgenote Johanna zat de laatste jaren al vaker in de lappenmand. Ze heeft twee nieuwe knieën gekregen en overwon een aantal jaren geleden darmkanker. Teake zijn ziekte kwam voor het gezin als donderslag bij heldere hemel. ,,Ik tink noait: werom ik? Ik ha yn 83 jier noait wat hân, dat is dochs rykdom? It is as in rûs foarby gien. Ik bin net bang foar de dea. Do witst, it komt in kear. Ik leau foar 100 prosint yn it lot. En it lot seit no: it hat moai west, kom mar thús.’’