DAMWÂLD – Van straaljagercockpits en marineschepen tot commando-oefeningen en marechaussee-acties. Als militair fotograaf staat Jan Dijkstra uit Damwâld overal met z’n neus bovenop. Voor Defensie schiet hij de mooiste plaatjes van collega’s in actie. ,,As ik guon foto’s weromsjoch, krij ik wer pikefel.’’

Lees verder onder de foto.

Jan Dijkstra is 15 jaar als hij voor het eerst samen met een kameraad vanuit Damwâld naar Jelsum en Marssum fietst om vliegtuigen te spotten. Het geluid, de snelheid, de souplesse; hij valt als een blok voor de straaljagers die Vliegbasis Leeuwarden als thuishaven hebben. ,,Wêr’t dy leafde krekt weikomt? Ik wit it net. De iene is gek op fiskjen, de oare op it sammeljen fan postsegels. En ik bin sljocht op fleantugen.’’

Rennend de winkel uit
Als telg uit een ondernemersfamilie besluit Jan na de middelbare school in de voetsporen van zijn vader te treden. ,,Us heit hie in winkel yn Damwâld. Dat like my ek wol wat. Mar as ik yn de winkel in fleantúch hearde, wist ik net hoe rap ik nei bûten drave moast om te sjen wat foar masine it wie. ‘Miskien moatst dêr dyn wurk mar fan meitsje’, sei ús heit op in dei tsjin my, doe’t ik wer ris de loft ôfspeurde. Dus dat ha ik dien.’’

‘Dy allerearste kear dat ik njonken in F-16 stie? Yn ien wurd geweldich!’ 

Jan besluit in militaire dienst te gaan. ,,It leafste wie ik fansels piloat wurden, mar dêr hie’k net genôch myn bêst foar dien op skoalle’’, grijnst hij. ,,Ien ding
stie lykwols as in peal boppe wetter: ik woe by de loftmacht oan de slach.’’ In
2001 gaat z’n droom in vervulling en wordt de militaire vliegbasis in Leeuwarden Jan’s werkplek. Hij gaat er aan de slag als militair specialist brandstofvoorziening en materieelbeheer. Een baan waarbij hij voor het eerst oog in oog staat met z’n grote liefde. ,,Dy allerearste kear dat ik njonken in F-16 stie? Yn ien wurd geweldich! Wat in machtich moaie masine. It wie leafde op it earste gesicht.’’

Once in a lifetime
Naast z’n werk stort Jan zich in z’n vrije tijd op een andere passie: fotograferen. Hij huurt een fotostudio in Leeuwarden waar hij familieportretten schiet en ontpopt zich tot een veelgevraagd fotograaf op bruiloften. Wanneer in 2016 de F-35 – ook wel bekend als de Joint Strike Fighter – naar Leeuwarden komt, is Jan er als de kippen bij. Hij één van de eerste fotografen die de nieuwste aanwinst op de gevoelige plaat mag vastleggen. ,,Ik fielde dat dit myn kâns wie om as militêr fotograaf oan de slach te gean.

’’ Om officieel militair fotograaf te worden, moet Jan wachten op een vrijkomende vacature bij het Mediacentrum Defensie. Een functie waar veel meer collega’s op azen. ,,It is dreech om sa’n plakje te krijen. Ik hie it gelok dat der yn 2017 twa funksjes bykamen. Dat wie myn kâns, dy’t ik mei beide hannen grypt ha. In ‘once in a lifetime opportunity’.’’

Ingewikkelde missies
De missie in Mali, een marinemissie op de Middellandse Zee, oefeningen van het korps mariniers in Noorwegen, een muzikaal tournee met het militaire korps door Litouwen. Jan heeft al heel wat van de wereld gezien sinds hij als militair fotograaf in dienst is. ,,Ik mei oeral hinne om oefeningen of missies fêst te lizzen. It foardiel is dat ik sels militêr bin, dus ik kin ek mei op patroelje yn bygelyks Jordanië of Afghanistan. Myn doel is om sa goed mooglik yn byld te bringen wat myn kollega’s hjir krekt dogge.’’

‘Myn doel is om sa goed mooglik yn byld te bringen wat myn kollega’s krekt dogge’

Af en toe is dat nog een flinke uitdaging, geeft hij toe. ,, Yn België mocht ik lêstendeis in oefening fan it korps mariniers fêstlizze. Dy oefening wie moarns ierebetiid op in fleanfjild, doe’t de sinne noch net opkaam wie. It wie hast te tsjuster om goeie foto’s te meitsjen. Sa’n situaasje freget it uterste fan myn kennis en apparatuer. Uteinlik is it slagge om prachtige plaatsjes te sjitten. Dat jout my in geweldich gefoel. Dan is myn missy slagge.’’ 

Prijsschieten
Het meest trots is hij op de foto die hij in Amerika mocht maken tijdens testvluchten van de spiksplinternieuwe F-35. ,,Ik fyn Amearika sawiesa in prachtich moai lân. Om de F-35 te presintearjen, organisearre de eenheid dêr yn Amearika in saneamde ‘laagvliegsessie’ troch Death Valley. De piloaten fleagen leech en hurd troch in ravyn. As ik dy foto’s weromsjoch dan krij ik wer pikefel.’’

Als ‘luchtmacht-man’ keek Jan ook op zee z’n ogen uit. ,,Ik mocht foar in missy op de Middellânske See mei op marineskip de Karel Doorman. Dat skip hat grutte yndruk op my makke. Ik fielde my as in jonkje yn de snoepwinkel. Oeral wêr’t ik seach, wienen moaie plaatsjes te knippen.’’ Die ervaring had hij ook tijdens een klus met het korps mariniers in Noorwegen. ,,Midden yn de fjorden rieden se mei dy grutte stoere auto’s troch de natoer. De sinne kaam krekt op. Dan is it gewoan priissjitten as fotograaf.’’

De heilige graal
De meest unieke fotoshoot? Daar hoeft Jan niet lang over na te denken. ,,Mei de militêre oefening Frisian Flag yn 2018 mocht ik mei yn in F-16 om fanút de loft foto’s te meitsjen. Dat wie letterlik en figuerlik it hichtepunt fan myn kariêre. As lyts jonkje stie ik al yn Marssum foto’s te knippen fan dizze masine. Dat ik der doe sels yn fleane mocht, wie in jongesdream dy’t útkaam.’’ Een jongensdroom die naar meer smaakt, want inmiddels is Jan in opleiding tot militair luchtfotograaf. ,,De heilige graal yn myn wurk’’, knipoogt hij.

‘Dat ik sels yn in F-16 fleane mocht, wie in jongesdream dy’t útkaam’

Vol passie laat Jan de ene na de andere foto zien. Bij ieder plaatje weet hij nog exact waar hij is genomen en welke missie of oefening het was. ,,Dat is myn tik, ik wit fan elke foto presys it ferhaal. Ik herken myn eigen foto’s ek út tûzenen’’, geeft hij toe. ,, Lêst seach ik yn Den Haag in hiele rige banners klear stean mei foto’s der op. Ik koe fuortendaliks myn eigen foto’s der útpikke. Neam my in fakidioat, mar ik ha no ien kear it moaiste wurk fan de hiele wrâld.’’