Mark Visser, Simone Weimans, Rob Trip en Annechien Steenhuizen. Stuk voor stuk bekende gezichten die we vrijwel dagelijks op tv zien om het NOS Journaal te presenteren. Vanaf 1 maart 2022 hoort daar een nieuw en toch ook heel bekend gezicht bij, namelijk dat van Afke Boven (41). De goedlachse Friezin verruilt de tv-studio van Omrop Fryslân voor the real deal in Hilversum. Een overstap die haar zelf ook verraste. ,,Dat dit mý oerkomme soe as Wâldpyk hie ik echt noait tinke kind.’’

‘Ik bliuw gewoan dy Wâldpyk út Fryslân’

Lees verder onder de foto.

Met een snik in haar stem nam Afke Boven op 27 december afscheid van de kijkers tijdens haar allerlaatste Fryslân Hjoed. Maar liefst acht jaar bracht ze het Friese nieuws in onze huiskamers. Het afscheid ging uiteraard gepaard met haar bekende vrolijke lach, maar toch ook met een traantje aan het einde. Want wat Afke toen nog niet wist, was dat ze drie maanden later opnieuw onze huiskamers binnen zou komen, maar dan vanuit de tv-studio’s op het Mediapark in Hilversum. ,,Ast my dat doe fertelt hiest, hie’k dy kéihurd útlake’’, grijnst ze breed. ,,Jaja, íkke as presintator fan it NOS Journaal. No Way Gosé!’’

Super rollercoaster
En toch werd dat bizarre scenario vorige week waarheid. Op dinsdagmiddag 1 maart stond Afke voor het eerst voor de camera’s tijdens de live-editie van het twaalf uur journaal. Ze moet er nog altijd een beetje van bijkomen. ,,It is de ôfrûne tiid sa rap gong allegearre. Nei myn ôfskied by Omrop Fryslân belâne ik yn in soarte fan super rollercoaster. In spannende tiid, mar ek fantastysk om mei te meitsjen.’’

‘Ik hie it plan om ea noch foar de kamera’s te stean foarwol sein’

Voor het begin van die rollercoaster moeten we terug naar eind 2021. In die tijd combineert Afke haar baan bij Omrop Fryslân al enkele maanden met freelance-werk voor de NOS. Vanaf 1 januari zal ze volledig in Hilversum aan de slag gaan. Daarom besluit ze zich in december vooral te richten op het naderende afscheid van Omrop Fryslân, voordat ze in januari start als eindredacteur van het NOS Journaal Regio. Een functie die haar op het lijf is geschreven. ,,Ik fyn it hearlik om my de hiele dei dwaande te hâlden mei it nijs. Net allinnich lanlik en wrâldnijs, mar ek mei it nijs út ús eigen provinsjes. Fandêr dat de rol as einredakteur NOS Journaal Regio hiel goed by my paste. Ik hie it plan om ea noch foar de kamera’s te stean foarwol sein. Dat wie in haadstik dat ik ôfsluten hie. Alteast, dat tócht ik.’’

In de Efteling
In december wordt ze gebeld door een attente NOS-collega met de vraag of ze haar mailbox wel checkt. Er is

namelijk een interne mail verstuurd waarin presentatietalent wordt gezocht voor het NOS Journaal. Met het hart in de keel opent Afke nog diezelfde dag haar mail. En inderdaad, daar staat ‘ie. ,,Ik wist fuort: dit moat ik besykje’’, vertelt ze. ,,Ik wie sá bliid dat de deadline noch net ferrûn wie. Nei’t ik my oanmeld hie, makke myn holle oeroeren. Wêrom doch ik dit yn fredesnamme? Der binne sa folle goeie kandidaten dy’t meidogge. Mar ik tocht ek: ik fyn presinteare sa’n moai fak. As ik it net doch, kin ik mysels noait mear oansjen yn de spegel.’’ Samen met 38 andere kandidaten wordt Afke uitgenodigd voor een open screentest. ,,Ik wie op in sneintemoarn om kertier oer achten oan de beurt’’, herinnert ze zich nog goed. Tijdens die eerste open screentest maakt ze indruk met haar persoonlijke verhaal en presentatie skills. Met nog vijf kandidaten gaat ze door naar de volgende en beslissende ronde. ,,By dizze twadde screentest moast ik alles út ‘e kast helje. Ik presintearre it journaal yn de grutte studio. Fansels barde der healwei de útstjoering wat heftichs en moast ik live oerskeakelje nei in ferslachjouwer dy’t ‘ter plaatse’ wie. Ik fûn it geweldich om te dwaan. Ik tocht: se sille fêst de autocue ek wol útfalle litte en miskien gean aanst sels de lampen wol út. Mar ik fielde dat ik der klear foar wie. Kom mar op. It wie krekt in dei yn de Efteling, ien grut aventoer!’’

Smerige hobby
Na die tweede beslissende screentest kan Afke niets anders dan afwachten. Eind januari, op een vrijdagmiddag gaat in haar woonkamer haar mobiele telefoon. Ze kan haar oren niet geloven wanneer de verlossende woorden klinken. ,,Ik ha in gat yn ‘e loft sprong’’, glundert ze terugdenkend aan dat moment. ,,It wie surrealistysk. IK as nije presintator fan it NOS Journaal. IK as famke út Fryslân.’’ Nog voordat ze goed en wel van de schrik is bekomen, treedt de PR-machine in Hilversum al in werking. Het persbericht over het nieuwe gezicht bij de NOS staat al in de steigers. Afke: ,,Ik bin hiel goed begeleid foardat it nijs nei bûten brocht waard. En dat wie mar goed ek. Hast werklik gjin idee wat foar stoarm der dan loskomt.’’

‘Ik wie sels ûnderdiel fan de kryptopuzzel yn De Volkskrant. Hoe legendary is dat!’

RTL Boulevard, tijdschrift Linda, dagblad Trouw, RTV Drenthe, de Leeuwarder Courant, Dagblad van het Noorden en Omrop Fryslân duiken bovenop het nieuws. ,,Ik wie sels ûnderdiel fan de kryptopuzzel yn De Volkskrant, hoe legendary is dat’’, gniffelt Afke. ,,Fan tefoaren hie ik al myn social media-accounts bydel west om bygelyks foto’s fan myn dochter en foto’s mei freonen fuort te heljen. Dat wie mar goed ek, want al myn profilen waarden trochspit. Ik wit noch dat ik in artikel seach op in mannewebside mei de kop: ‘Nieuwe presentator NOS Journaal heeft een heel smerige hobby’. Een smerige hobby, tocht ik by mysels. Ik wie benijd wat se dan fûn hienen. Dat blykte in foto te wêzen wêrop’t ik mei bleate fuotten yn it slyk stean op it Waad. Doe ha’k wol efkes hiel hurd lake, ja!’’

Kofje yn Broeksterwâld
Inmiddels is ze bijgekomen van al die media-aandacht. Niet dat de wind helemaal is gaan liggen. Dagelijks komen er mailtjes bij de NOS-redactie binnen uit Fryslân. ,,Minsken maile nei de redaksje dat se sa grutsk binne dat der in famke út Fryslân it NOS Journaal presintearret. Dêr wurd ik sa oergriislik bliid fan. Ek al presintearje ik no fansels yn it Nederlânsk, ik bliuw gewoan dat famke út Fryslân mei Wâldpike-roots, hahaha! Ik kom noch graach thús op It Amelân of yn Broeksterwâld om by tante Sippy in bakje kofje te drinken. Dat feroaret echt net. Ienris in Fries, altyd in Fries.’’