DE WESTEREEN – Wat begûn as in kreatyf idee yn de koroanaperioade is útgroeid ta in jûn fol spultsjes, ferrassingen en humor. By de Westereender Olympics geane teams troch it doarp lâns ferskate lokaasjes, dêr’t se opdrachten útfiere en punten fertsjinje. Foarsitter fan de supportersferieniging fan V.V. Zwaagwesteinde, Sybrant Heidstra, fertelt hoe’t it evenemint ûntstien is.
Hoe binne de Westereender Olympics oait ûntstien?
Wy organisearje it fanút de supportersferieniging fan VVZ. Yn de koroanaperioade binne wy begûn mei eveneminten. Sa ha wy ris fuotgolvjen organisearre, sadat elkenien ek mei de maatregels dochs wat leuks dwaan koe. Rûnom de Winterspelen yn Beijing ûntstie it idee om yn lytse groepkes in soarte fan speurtocht te dwaan.
As supportersferieniging wolle wy rûnom it fuotbaljen leuke dingen organisearje. Wy seine: ‘We moatte wat leuks dwaan en saamhorigheid by it fuotbaljen hâlde.’ De klup hat yn it doarp ek in sosjale funksje. Wy organisearje mear eveneminten, lykas in peaskeontbijt, in famyljedei of in bus by in útwedstriid fan it earste.
Wat is it presys foar evenemint?
Wy wolle altyd dat it in ferrassing bliuwt wat der barre sil. Teams fan seis oant acht minsken geane op ferskillende tiden fuort en krije in route
mei nei de earste lokaasje, mei ûnderweis in puzel. Op elke lokaasje moatte se in opdracht dwaan, bygelyks in puzel of tsjin in bal oan skoppe. Wy probearje dêr altyd wat humor yn te bringen. Ien fan de lokaasjes wie bygelyks in maneezje, dêr moasten se hobby horse.
Elts team kin punten fertsjinje en it team mei de measte punten nei fiif lokaasjes hat wûn. De earsten geane om healwei fiven fuort, drekst nei de wedstriid fan it earste. De lêste groep giet rûn healwei njoggenen op paad. Dêrnei is der noch in DJ yn de kantine.
Wy ha elts jier plak foar maksimaal achttjin teams. Fan 1 maart ôf koene minsken harren ynskriuwe en binnen tsien minuten wiene der al santjin teams. Ik tink dat it lêste plakje ek al fersein is.
Wat sil dy altyd bybliuwe fan de Westereender Olympics?
Der binne wol in pear dinkjes. Sa as it hobby horsen by de maneezje, dat je dan mannen fan yn de sechstich mei in hobby horse oan de gong sjogge. Ek
ha wy ris by Brugchelencamp west. De dielnimmers kamen neatfermoedend binnen en waarden trochslûsd nei in poadium. Dêr giene de kûlissen iepen en dêr sieten de bewenners. Doe moasten de dielnimmers in ferske sjonge. Dat ferjit ik noait wer. It is altyd nijsgjirrich: wêr komme wy telâne.
Wat makket dit evenemint typysk Westereenders?
Dat is in goeie fraach. By ús ferieniging sjochst dat in soad minsken wat dwaan wolle. Wy organisearje dit mei in hiel soad frijwilligers. De ôfrûne jierren melde lokaasjes harsels ek wol oan. Oft dat typysk Westereen is wit ik net, mar wy sette wol mei-inoar de skouders derûnder. Dat is hiel moai foar ús ferieniging.
Wêrom moatte minsken delkomme?
Ik wol noch net te folle fertelle, mar it belooft wer in jûn te wurden mei in soad ferrassingen en wille. Yn de kantine is it altyd gesellich, mar as de earste dielnimmers fuort binne komt al gau út wêr’t wat te rêden is. Dan kin men fêst wol efkes delkomme. En oars: takom jier der op tiid by wêze.
