In deze rubriek ‘Wat dogge jo no?’ staat elke maand een persoon centraal met een bijzonder beroep of unieke hobby. Deze keer lezen we over een bijzondere actie: de 9-jarige Fenna doneerde haar haar. Ben of ken jij iemand met een bijzonder beroep of unieke hobby? Laat het ons weten via redactie@westereender.nl
DE WESTEREEN – Fenna uit De Westereen doneerde in augustus haar haar via stichting Toupim. Zij maken haarbanden voor kinderen en volwassenen die door ziekte hun haren kwijtraken. Meestal maken ze deze haarbanden met het eigen haar, maar met een haardonatie kunnen zij de haarband van eigen haar aanvullen voor een volle en natuurlijke look.
Hoe kaamst op it idee om dyn hier te donearjen?
“Tidens koroana hiene myn sus en ik in challenge: 24 oeren op in luchtbêd oerlibje. Mar sy glied út oer in tekening en kneusde har enkel, dus it koe net trochgean. Doe tocht ik: wy moatte in nije challenge betinke. It waard it donearjen fan ús hier, foar bern sûnder hier. Myn sus koe net meidwaan omdat har hier ferve wie, dus die ik it allinne.”
Mem Anna vult aan: “Se hat fanôf har fierde altyd al sein: ik wol graach berntsjes helpe dy’t gjin hier mear ha. Troch dy challenge kaam dat allegear hiel moai út.”
Wêr komt dat wei, datst sa iets woedest?
“Ik tocht: de bern dy gjin hier mear ha, dy fechtsje om libjen te bliuwen. Ik sjoch dit dan as in soart traktaasje, dat se wer hier ha. En at berntsjes siik binne en op tiid hun hier ôfknippe, kinne se hun eigen hier opstjoere sadat Toupim der in hierbân fan meitsje kin.”
Wat fûnst it leukst oan dyn lange hier?
“It leukste wie dat ik altyd mei in flecht sliepte, mar dat kin no net mear. Se ha der by my 32 sintimeter ôfhelle.”

at fynst fan dyn koarte hier?
“Ek wol leuk, want de kapster hat ferteld wa’tst mei koart hier dwaan kinst. Toen tocht ik: litte we dat mar ris probearje. De kapster hie toen in flechtsje yn myn ponny makke.”
Hoe seach de dei derút?
“Myn heit, mem, sus en broer giene mei. Ik moast myn hier fan te foaren waskje, sûnder conditioner. By de kapper ha se der allegear sturtsjes yn makke. Toen de skjirre deryn gie toch ik wol efkes: oh shit, no kin ik net mear werom. Dat fûn ik wol in bytsje spannend. Ik mocht it lêtste stutsje sels ôfknippe.”
Hoe reagearden minsken?
“Ik bin de earste pear dagen efkes binnen bleaun. Dêrnei gie ik nei de winkels en nei de bakker. Toen seinen
minsken: ‘Hey, ik ha dy sjoen op RTV NOF en op Omrop Fryslân.’
Soedest dyn hier noch ris donearje?
“Dêr twivelet ik noch wol oan. Ik sei ‘nee’, mar ik twivelje noch wol. Gelokkich ha ik noch wol eefkes om nei te tinken”, – want mem schat in dat ze rond haar 16e weer zulk lang haar zal hebben.
Wat soest tsjin oare berntsjes sizze dy’t hun hier donearje wolle?
“Doch it en betink wa’tst allegear bliid makkest dy’t hun hier kwytreitsje troch in sykte.”