DE WESTEREEN – “Hoe moat dit?”, freget Douwe. “Probearje mar gewoan ris”, seit Emiel. It is woansdeitemiddei en tegearre sleutelje se oan in brommer by it Stationnetje yn de Westereen. Ek op oare dagen is jeugd fan 12 oant en mei 18 jier út alle omkriten wolkom op it wurkplak foar jongerein.

Miskien is ‘wurkplak’ net it goede wurd, want it Stationnetje is ek foaral in plak om de jeugd de romte te jaan harren eigen talinten te ûntdekken, leit jongereinwurker Romke de Vries út. “De bedoeling is ek de inisjativen út de jeugd sels te heljen. Wy sjogge nei wêr’t de jonges en fammen ferlet fan ha, en besykje dêr ynfolling oan te jaan.” Ha se bygelyks help nedich by húswurk meitsjen? Ha se sin om mei-inoar iten te sieden, of dat te learen? Wolle se leaver muzyk meitsje, of wat oars kreatyfs dwaan; it kin allegear. “It giet der om dat we harren in plak biede, dat der oars net foar dizze groep is. Eksperimintearje yn in feilige omjouwing”, sa seit Romke.

Wat werom dwaan foar de jeugd
“Doe’t ik sa jong wie, wie sa’n wurkplak der net”, fertelt Emiel. Emiel Stoffers is neist frontman fan de Hûnekop en filmmakker, technysk ek hiel handich en eins altyd wol dwaande mei in projekt. “Yn myn tiid dienen wy mar wat, op plakken dêr’t we faak fuortstjoerd waarden. Ik rûn al langer mei it idee om foar de jeugd wat werom te dwaan yn de maatskippij, no’t ik myn eigen wurk en libben goed op de rit haw. Dat sa’n plak der al is en ik dêr as frijwilliger oan bydrage kin, is geweldich.” Syn bydrage leverje oan it Stationnetje is foar Emiel puere ûntspanning. “Ik bin eins altyd oan it bealgjen en oeral en nergens tagelyk. Hjir kin ik echt efkes de tiid nimme mei de hannen dwaande te wêzen en de jeugd miskien wat by te bringen.”

Fan ‘e middei sleutelet er mei Douwe oan in brommer. Mear jeugd is der noch net, “wy sitte noch yn de opstartfaze en de measten komme pas letter op de middei”, leit Romke út. Douwe van der Schaaf is 12 jier en tafallich in middei frij. Hy sit yn de earste klasse fan de

Beroepencampus fan Dockinga, en fynt technyk hiel ynteressant. Thús hat er mei syn broer en heit ek in pear âlde brommers en in âlde auto. Hjir by it Stationnetje kin er noch mear mei de hobby oan de slach. Syn earen begjinne te klapperjen as Romke fertelt dat er der sels jild mei fertsjinje kin. Romke: “Wy wurkje hjir mei MDT-trajekten. Ast as jongere mear as 80 oeren bestegest oan in projekt mei in maatskiplik belang, kinst der oan it ein fan de rit 75 euro foar krije.”

Sosjaal wurk
Krekt as in hiel soad jeugd, wist Romke doe’t er in jier as 14 wie eins ek hielendal net sa goed wat er woe. “Ik wist dat ik goed mei minsken omgean koe, dus keas ik foar SPW as stúdzje.” Der folgen opliedingen yn social work, maatskiplik wurk en tsjinstferliening mei jeugd en jongerein as spesjalisaasje. En sa kaam Romke as jongereinwurker al op in hiel soad plakken, foar’t er frege waard it Stationnetje yn de Westereen oan te jagen fia syn wurkjouwer, de wolwêzensorganisaasje Yfke.

In fêste meiwurker en twa frijwilligers, wêrûnder dus Emiel, binne der foar de deistige ynfolling. Romke stapt sels ek regelmjittich op it wurkplak om, mar is ek faak genôch de boer op, om it plak foar de jeugd te fertsjintwurdigjen. “Sa praat ik mei yn feilichheidsoerlizzen fan de gemeente, of gean ik lâns skoallen om te hearren wat der libbet.” Want de doelgroep is grut, wit Romke. “In hiel soad jongeren fan 12 oant 18 jier binne net wêr’t se wêze moatte, om’t der gjin plak foar harren is. Hjir krije se de kâns harsels te ûntwikkeljen, mei goede begelieding der by, mar wol op in ‘ongedwongen’ manier.”

Oare tiden
“As wy ús froeger ferfeelden, gienen we op paad en fûnen we wat út”, wit Emiel noch. “Tsjintwurdich hoecht de jeugd him net mear te ferfelen, want

der is altyd in mobile telefoan. En dat is heus net allinne mar ferkeard, dêr fine se ek in protte mei út en earlik is earlik, ik bin sels ek in protte online. Mar der giet safolle talint by jongerein ferlern troch al dat scrollen”, mient hy. “Dy talinten sinjalearje en stimulearje, dat is myn doel hjir. Dêr lear ik ek wer fan. Want ik bin wol ien dy’t maklik kontakt leit, mar it fertrouwen winne fan in jongere, en him of har oprjocht en oertsjûge in kompliment jaan kinne, dat hellet ek my út myn komfortsône. Ik fyn it machtich om te sjen hoe’t Romke dat docht en oanjaget. Syn wurk hie ek wol wat foar my west miskien.”

De middei fljocht foarby. Wylst Douwe tidens it ynterview noch efkes yn de hoekbank dûkt mei húswurk (ok, wy jouwe ta, dat wie even foar de foto), giet de gitaar yn de rûnte en ek dat lûkt Douwe syn oandacht. Hy hat ek in gitaar thús, mar spilet der hast noait mear op. “Hindert neat”, seit Emiel. Noait fuort dwaan, dy gitaar. Op in dei komt it wol wer. Ik bin ea ek begûn op in gitaar mei mar ien snaar en optredens sûnder publyk.” Dat dat goed kaam is, mei de Hûnekop, mei dúdlik wêze. Douwe syn eagen glunderje. Hy wol hjir wol faker hinne, nei it Stationnetje yn de Westereen. Oft it foar de brommer of foar de muzyk wurdt, dat wit er noch net. Romke moediget it oan. “Elkenien is hjir wolkom, net allinne ast út de Westereen komst, mar ek fierder wei. Heiten en memmen of pakes en beppes meie ek mei. Kom gewoan ris sjen wat wy hjir by de ein ha en wa wit is it wat foar dy.”

It Stationnetje yn de Westereen is iepen op moandeis, tiisdeis, woansdeis en freeds fan 13.00 oant 17.00 oere. Romke, jongereinwurker fia Yfke, is berikber op 0611473593 of romke@wijzijnyfke.nl.