As it lêzen fan in krante-artikel lûd hawwe soe, dan soe dit ferhaal fol mei muzyk wêze. Set twa muzikale neven by inoar yn in oefenromte en do fielst de klanken ta libben kommen, lykas de herinneringen oan en ferhalen oer 35 jier De Kast. Frontman Syb en gitarist Peter, beide Van der Ploeg, fertelle oer hoe’t dat eins nóch folle earder begûn.”
Peter van der Ploeg komt eins sels ek wer pas wat ta libben. Koart foar de jubileumoptredens yn Grins en Rotterdam wie hy flink siik. “Fiif dagen lang haw ik op de bank lein sûnder der ôf te kommen. Op de dei dat ik my wer wat better fielde, haw ik as earste in gitaar pakt. Ik spile wat Kast-nûmers en dêr knapte ik echt fan op. Toen besefte ik wer hoe belangryk de band foar my is.”

It sliepen tidens syn siikwêzen die Peter yn de oefenromte efter syn hûs yn de Westereen. It wie ek dizze oefenromte dêr’t De Kast syn oarsprong fynt. Peter waard op in dei – it moat yn de jierren ’80 west ha – benadere foar in optreden yn Feanwâlden, mar hie noch hielendal gjin band. “Doe haw ik Syb meifrege as sjonger”, fertelt er. Sake van der Kloet waard der as bassist troch de organisaasje by regele en Dicky Visser waard drummer. Peter: “Dicky wie ús maat.” Syb: “Mei him haw ik nachtenlang nei de Rolling Stones lústere wit ik noch.” Andries, syn efternamme is net mear te efterheljen, kaam der by foar de technyk. Syb: “Mei de A fan syn namme koenen we ússels de Psads-band neame, wat oars koenen we net betinke.” Sake wie de iennige dy’t wol earder op ‘e planken stien hie, “dy gie as in echte showman it poadium op”, wit Syb noch. Peter: “Do en ik kamen mei de rêgen nei it publyk achter him oan, sa bang wienen we, haha.” Syb: “Dêr wienen we gelokkich frij gau oerhinne.”
It groepke bleaun mei-inoar repetearjen. It wie it begjin fan wat letter De Kast wurde soe. Peter: “Ja, wy binne al folle langer by-inoar as 35 jier.” Peter wurke yn dy tiid as konsjerzje op in skoalle en krekt op it momint dat de band in toetsenist socht, siet der in learling te spyljen op de piano. Kees Bode. Peter: “Achterôf tink ik, dat hat sa wêze moatten. No’t ik âlder wurd, tink ik hieltyd faker dat dingen foarbestimd binne.”

Andries en Sake ferdwûnen nei de eftergrûn, en doe’t Syb as tsjinstwegerder earne oars meldingsplicht hie, gie hy tydlik út de band. Sytse Broersma – ferkearing mei de bêste freondinne fan de freondinne fan Syb, dy’t ek wer de sus fan Kees wie – kaam der as ferfangend sjonger en bassist by. Doe’t Dicky Visser út de band gie, kaam der in audysjeronde foar in nije drummer. Syb: “Nico Outhuijsse kaam dêrby as beste út de bus, as drummer mar ek as minsk, hy paste perfekt by ús.” En sa waard De Kast de band dy’t yn novimber it 35-jierrich jubileum mei in grut orkest fierde mei shows yn Grins en Rotterdam.
Under it praten pingelje de mannen troch. De eagen binne rjochte op de gitaren. Syb sjocht nei hoe’t Peter spilet, en Peter let op hoe’t Syb de snaren rekket. “It is eins wol hilarysk”, laket Syb. “Peter leart my de partijen dy’t ik hiel lang lyn séls skreaun haw. Sa doch ik it it leafst as der wer in teatertour oan komt, dan ryd ik efkes nei de Westereen om de boel wer op te heljen. Peter ûnderhâldt ús muzyk sa goed, hy is ien dy’t hielendal yn dy nûmers krûpt en wit my altyd wer wat by te learen. Dat docht er al sûnt myn 11de.”
Peter, 8 jier âlder as Syb, hie ek ûngefear dy leeftiid doe’t er foar it earst in gitaar oanrekke. “Dat wie by ús pake en beppe yn Dokkum. Ik wit noch dat ik tocht ‘dêr soe ik wol op spylje wolle’. Ik wie in protte by ús pake en beppe, lykas ús hiele famylje. Dêr wie altyd gesellichheid. Hiele sneinen brochten we der troch om muzyk te meitsjen mei-inoar. Fan myn jierdeissinten haw ik myn earste eigen gitaar kocht. Ik wie in jier as 14 en hie der thús neat oer sein. Al myn sinten helle ik fan de bank en yn de bus gie ik nei Ljouwert. Ik ferjit noait wer dat ús heit en mem my yn de auto foarby riden, doe’t ik dêr rûn mei in gitaar yn de hannen. Us heit fûn it moai, mar, woe wol dat ik dan ek op les gie. Hjir yn de Westereen koe dat net. Ik hie it gelok dat ik by in jonge yn Bûtenpost terjochte koe. Dêr haw ik in hiel soad fan leard. Ik haw him dêrnei noait wer sjoen, mar bin selden wer sa’n goeie gitarist tsjinkaam. Ik spylje noch wolris rifkes wêrby’t ik oan him tink.”

Weromsjen, stilstean by wat west hat, lang ferfleine herinneringen en oantinkens fan koartlyn, it jubileum dat fierd waard… De Kast is dizze mannen dierber, it eigene sit djip. Peter: “Der sit safolle fan ússels yn de band en yn alle nûmers. As Syb ‘fierder sûnder dy’ sjongt, dan sjoch ik syn heit foar my. En myn eigen âlders. Dat rekket my hast alle kearen wer. Ik wit dat de oare bandleden ek sa harren nûmers hawwe. Elk mei harren eigen herinneringen oan de ôfrûne 35 jier. It is net te leauwen eins wat wy mei-inoar belibbe én makke hawwe. Dêr fan genietsje, dat is de echte rykdom.”
In november verscheen een nieuwe album van De Kast met nieuw werk en orkestrale bewerkingen van de grootste hits. De theatertour 35 jaar De Kast duurt nog tot en met eind december. Informatie over het album en de tour: www.dekast.nl
